front2 front3 front4 front5 front6 front7 front8 front10 front11 front12 front13 front14 front15 front20 front21 front22 front23 front24 front25 front26 front27 front28 front29 front30 front31 front32 front33 front34 front35 front36 front37 front38 front39 front40 front41 front42 front43 front1
Bouwbedrijf Postma is hoofdsponsor van KV Wêz Handich
Geschiedenis
Yn 1925 is de earste kuorbalklub yn De RottefalIe oprjochte. Wytske Duursma-Atsma fertelt dêroer yn it jubileumnûmer: ,,50 jier Wêz Handich", Jel de Vries, in dochter fan master De Vries, hie yn Aldegea kuorbaljen sjoen. Dat moasten se yn De RottefalIe ek ha. Ut leden fan de J.G.O.B. (Jongeren GeheelOnthouders Bond) is doe de kuorbalklub foarme. Dy krige doe al de namme"Wêz Handich", in idee fan Wytske Atsma. Der waard earst spile op it terrein efter de herberch fan Van Dijk. Doe't dat ophalde moast, mocht de klub oefenje op it lân efter de pleats fan Atsma. Foar elke oefenjûn wie it earst fansels stront sykje, want yn it lân rûnen skiep en keallen.
De earste wedstriid is spiIe tsjin in fakânsje-ploechje út Bûtenpost, dêr't broers fan master Tuinman yn spilen en û.o. ek Garmt Stuiveling. Wêz Handich is doe al lid fan "de Bond" wurden, mar dat duorre net lang. Se spilen noch ris tsjin Bûtenpost, mar dat mocht net, want dy wiene gjin lid fan "de Bond", Wêz Handich, poerrazend, betanke as lid. Mis fansels, want it kontakt mei oare klubs wie der no net mear. "Wêz Handich" gyng oer de kop. De klub hie trije jier bestien. Der bleau oars net fan oer as in kasboekje mei in batich saldo fan f 10,-.
 
Op 1 maaie 1930 is der in nij begjin makke. Der wie op 't lêst noch in startkapitaal ...
De nije klub hat jierren spile op it lân efter de pleats fan Bareld de Boer. Der ha hichte- en djiptepunten west. Wêz Handich hat yn 1947/48 sels yn de 1e klasse K.N.K.E. spile. Se ha ek in jier hielendal net spiIe. As Sybren Bergsma net nei De RottefalIe ferhûze wie, hie Wêz Handich faaks net oan syn 50-jierrich jubileum ta kaam. Under lieding fan Bergsma is Wêz Handich wer ta bloei kaam.

Njonken de kuorbalferiening bestiet de gymnastykferiening Wêz Handich. Yn 1969 is as ûnderôfdieling fan de gymnastykferiening de volleybalklub oprjochte. De akkomodaasje wie earst frijwat primityf. By de ferbouwing fan de iepenbiere skoalle yn 1949 wie in lokaal ynrjochte as gymnastyklokaal. Yn 1958 is dat lokaal fergrutte, mar it bleau behelpen. Sûnt 1981 hat De RottefalIe no in gymnastyklokaal, dat oan alle easken foldocht. Sa is it ek mei de sportterreinen. It nije kuorbalfjild is yn 1967 iepene en yn 1980 is it útwreide mei in fuotbalfjild. De RottefalIe hat no in sportakkomodaasje, dêr't it doarp wiis mei wêze kin.

Ut: De Rottefalle troch de ieuwen hinne (1985)
Skeaun troch H. Keuning


It notiidske Wêz Handich is dus oprjochte op 01-05-1930. Wy hawwe ûnderwilens ús 80-jierrich bestean al fierd! En in sportakkomodaasje sa as wy dy no ha, hienen se harren doe noch net foarstelle kind!
Wa skriuwt de lêste 25 jier (1985 - no) der noch by?
 
Verjaardagskalender

Marchien Kets (18 jaar)
Eerst volgende wedstrijden

19-05Wordt Kwiek C1 - WH C1
19-05WH F1 - De Lauwers F1
19-05WH B1 - LDODK B4
19-05Zunobri E1 - WH E1
19-05Udiros D2 - WH D1
19-05WH A3 - Heerenveen A3
19-05WH/DOW A1 - Joure A1
19-05V en V A1 - WH/DOW A2
19-05WH/DOW 3 - DFD 4
20-05WH 5 - LDODK 7
20-05WH/DOW 2 - Drachten 6
20-05WH 1 - Vitesse 1
22-05WSS 2 - WH/DOW 2
Wêz Handich kledinglijn
Bestel nú zelf uit de officiële kledinglijn van Wêz Handich!

Bestel nú zelf uit onze officiële
Wêz Handich kledinglijn!

Węz Handich RSS
Advertisement