|
It geheime wapen fan Węz Handich 4 tsjin OKO/Bies 3 |
Se is jong, blond en as se laket dan binne alle mannen fan de
tsjinpartij fan slach. Us geheime wapen, ús “nije” dame Ynke. Nei
oardeljier net spile te ha, troch in blessuere stie se wer yn de basis.
|
| foto's Jacob Heres © 2012 [klik op de foto voor de reportage]
|
It earste wapenfeit wie foar Wobbe, in strafworp. Dêrnei wie OKO time. Se hiene in nostalgisch blik iepen lutsen, alle toppers fan earstiids mochten mei it tredde fan OKO mei dwaan. Sa waard it 1-3. Wobbe en Jouke (mei in skotpersentaazje fan 50%) lutsen de saak wer gelyk. Ek yn it skoft hiene beide tiims like folle makke (5-5).
Ek it fjirde luts yn it skoft in nij blik mei spilers iepen. Troch de nije power-impuls rûn it fjirde út nei 12-6. En lieten we yn it ferline it noch wol ris sitte yn de twadde helte, no gong it as it slydjage. Oan it ein stie der dan ek 15-11 op it boerd yn de sporthal fan Houtigehage. De earste oerwinning yn de seal. De coach bliid en de spilers bliid. Dêr ha we nei de tiid ien mei syn allen op dronken.
Oare wike nei de feestjûn tsjin LDODK, se kinne harren mar klear meitsje.
Doelpunten: Wobbe 5, Foppe Jan 3, Wiebe 2, Jouke 1, Janna 1, Cees 1, Anneke W. 1, Anneke B. 1.
|