Categorieën
Nieuws

Digitale gezelligheid met Janke Hooghiemstra

In digitale gezelligheid vertelt een speler, speelster, (jeugd)trainer, coach, commissielid, of iemand die op een andere betrokken is over hoe het met hem/haar gaat. In de vierde editie spreken we Janke Hooghiemstra.

Hoe gaat het met je?

Mei ús giet it goed. Bytiden wol wat stress as´t hearst dat ien, wêr ‘st kontakt mei hân hast, in test dwaan litte moat. Mar oan ’t no ta ha we noch net yn karantêne moatten/west J

Hoe heeft de coronasituatie jouw leven aangepast?

Fan de fjouwer dagen moat ik no twa dagen thús oan it wurk. It thúswurkjen leit my net sa. Ik sjoch myn kollega’s leaver ‘live’.

Fierder bin ik no jûns in protte thús. Oars gie ik in jûn te kuorbaltrainen, in jûn “sporten met Marieke” en hie ‘k wol faak in gearkomste fan de ien of oare kommisje.

Hoe ben/was je betrokken bij Wêz Handich/DOW?

Ik spylje sels yn it 6de en ús Jeike spilet yn de A2. En ik sit yn de organisaasje fan de Kangoeroe klup fan DOW.

Ben je nog aan het sporten sinds de competitie gestopt is in oktober 2020?

Yn novimber en desimber ha ‘k noch skiles hân by Skischool Drachten, mar dat mocht nei 15 desimber net mear. Ik sport no noch ien kear yn ‘e wike by Marieke. Tegearre mei buorfrou Freke ha we duo training. Dit is in miks fan bootcamp, circuittraining en TRX.

En we dogge elke jûn ús corona rûntsje. We rinne dan ‘buitenrand’ Eastermar.   

Wat doe je nu met de vrije tijd die je hebt door het wegvallen van korfbal?

Kuierje, kuierje en kuierje. En miskien noch faker in boek lêze.

Heb je nog aanraders voor boeken/films/series/games?

Ik ha in oantal boeken fan Jenny Colgan lêzen. Gesellige boeken wêr yn alles altyd goed komt.

Op Netflix ha we de series Virgin River en Bridgerton sjoen. Ek gesellich.

Naar welke muziek luister je het meest?

As ik de radio oan ha, lústerje ik faak nei 538, top 50 en as de ferskes fan The Weeknd der foar binne, doch ik ‘m wat lûder.

CD ’s dy ‘k graach hearre mei binne fan Rod Stewart, Fleedwood Mac, Dolly Parton en Kensington.

Waarom heb jij wel/niet zin om het korfballen weer op te pakken?

Ik mis it gesellich mei oare âlders op ‘e kant stean en yn ’t skoft in bakje kofje drinke yn ‘e kantine. Mei de frouju fan it 6de yn de klaaikeamer prate en laitsje. En it net mear in bal troch de hannen krije. Oare sporten binne ek bêst genôch, mar it sporten mei in bal en koer is dochs it moaiste!

Wat ik net mis is it op de klok sjen en betiid ite moatte om ’t ien fan ús traine, sporte of nei muzyk moat.

Welk (oud-)lid van Wêz Handich/DOW moet volgende keer verschijnen in deze rubriek?

Andre de Haan

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *